Oprop foar keninklik portret

29 jan 2013 - 19:08

Keunstners yn Opsterlân wurde troch de gemeente oproppen om in portret te meitsjen fan kening Willem-Alexander of Willem-Alexander en Máxima yn ien portret. Dat komt dan yn de riedseal te hingjen. No hinget dêr noch in portret fan Beatrix makke troch Mare van der Woude. Dy wenne doetiids yn Wynjewâld en boargemaster en wethâlders wolle dy tradysje trochsette. Alle portretten binne aanst te sjen op in tentoanstelling yn de grutte hal fan it gemeentehûs.

Der komt in saakkundige jury om it bêste portret út te kiezen en nei alle gedachten is der ek in publykspriis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)