Provinsje wurket oan draaiboek

Kommissaris fan de keninginne sil by it meitsjen fan it draaiboek foar de besite fan de nije kening en keninginne, rekken hâlde mei de doarpen dy't noch net faak oan bar west ha by in keninklike besite. De ryksfoarljochtingstsjinst hat bekendmakke dat Willem-Alexander en Máxima in kennismakkingsbesite bringe sille oan alle provinsjes. Yn 2001 wie der in fergelykbere kennismakkingstoer yn de moannen nei de troudei fan Willem-Alexander en Máxima. Dy gong troch Noardeast Fryslân.
Frij resint wiene der noch keninklike besites yn Noardwest en Súdwest Fryslân. Mooglik dat no Drachten, Hearrenfean of De Gordyk oan bar komme sille.