Eask lêste fertochte Smedema

It Iepenbier Mnistearje easke tiisdei yn heger berop tsjin de lêste fertochte yn de saak Smedema 240 oeren wurkstraf en 6 moanne selstraf ûnder betingst. Foarrige wike waard tsjin de haadfertochte al 3 jier sel easke. Tsjin fjouwer oaren easke it Iepenbier Ministearje in wurkstraf fan rom 200 oeren. De saak fan de lêste fertochte koe foarige wike net behannele wurde, omdat syn advokaat siik wie. De seis wurde der fan fertocht goed twa jier lyn de 16-jierrige Redmar Smedema deaskopt te hawwen yn club Q yn Noardburgum.
Op 7 febrewaris is de útspraak yn alle saken.