Undersyk nei 'NAM-bekentenis'

29 jan 2013 - 17:39

Deputearre Poepjes ûndersiket oft it rapport fan minister Van der Kamp en de bekentenis fan de NAM-direkteur gefolgen hawwe foar de gaswinning yn de provinsje en foaral foar de skeafergoeding. Ferline wike waard bekend makke dat gaswinning wol deegik skea feroarsaket. Yn Grinslân giet it sels om ierdbevings. It ryk stelt 100 miljoen euro beskikber foar Grinslân.

Der is ek skea oan wenten en pleatsen yn Fryslân, want hjir wurdt ek rûnom gas út de grûn helle. Besjoen wurdt oft de minsken aanst makliker skea troch gaswinning fergoede krije.

Trefwurden: 
NAM gaswinning skeafergoeding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)