Wethâlder Oud ûnder fjoer

Wethâlder Nico Oud fan It Amelân leit opnij ûnder fjoer. Der is krityk fan de ried op syn funksjonearjen. Hy soe in beslút fan de gemeenteried net goed útfierd hawwe, en dat net foar de earste kear. Dizze kear giet it om in parkearterrein dat net oanlein is lykas ôfpraat. In amtner hie it oars útfierd.
Foaral de fraksje fan Algemeen Belang Amelan is min te sprekken oer de wethâlder, want dy is ferantwurdlik.
Der soe sprake wêze fan in strieminne kommunikaasje op it gemeentehûs tusken de wethâlder en de amtners. Wethâlder Oud seit dat dat net sa is. Neffens him wie alles goed ôfpraat en kaam er der te let achter dat it mis wie.