Turfgraversferhalen optekene

© Google Streetview
De ferhalen fan feangravers yn it Fochtelerfean wurde optekene. It is al mear as tritich jier ferlyn dat de turfgraverij yn de Fochtelerfean op syn ein rûn. Foar de streek wie it desennia lang de wichtichste bedriuwstak. Mar it is noch de fraach oft elkenien en dan benammen de jongere generaasje dat noch wol wit. Heine Hut fan Haulerwyk tinkt fan net en giet dêrom op 'en paad om te ferhalen fan feangravers op te tekenjen. De ferhalen sille nei alle gedachten brûkt foar in artikel of in boek oer de turfgraverij.