Ielfiskers oer op wolhânkrabbe

Yn de perioade dat Iselmarfiskers gjin iel fange meie, krije sy tastimming om de wolhânkrabbe te fangen. It giet om de perioade tusken jannewaris en mids maart. Foar de fiskers is dat in útkomst. De prizen foar de wolhânkrabbe binne goed en foaral yn Azië is der in soad fraach nei. Dat seit Johan Nooitgedagt, de foarsitter fan it Fiskersbûn Iselmar.