Spesjaal abdikaasjegebakje

29 jan 2013 - 12:29

De kommersje spilet handich yn op de troanswiksel dy't keninginne Beatrix moandei bekend makke hat. Bakkerij Schuurmans yn Ljouwert hat in spesjaal abdikaasjegebakje makke dat al aardich ferkocht wurdt. It gebakje bestiet út in bôgefoarmich stikje cake mei krêmfolling deryn en oranje marsepyn derop. Dêr boppe-op stiet in portretfoto fan de keninginne.

Trefwurden: 
Beatrix gebak abdikaasje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)