Provinsje klear foar kening

Beatrix, Willem Alexander en Máxima © ANP
De provinsje hâldt rekken mei in omgong troch ús provinsje fan kening Willem-Alexander nei 30 april. Neffens in wurdfierder lizze de basisdraaiboeken klear foar it gefal it hôf beslút dat der sa'n besite oan alle provinsjes brocht wurdt.
Yn 1980 by it oantreden fan keninginne Beatrix wie dat wol it gefal. In fersyk foar sa'n besite is lykwols noch net by de provinsje binnenkaam. Der stean ek gjin oare keninklike besites op dit momint op it programma dy't oanpast wurde moatte troch it nijs fan de troanwiksel.