Widdo Abe Lenstra ferstoarn
Hil Lenstra-Wisman, de widdofrou fan Abe Lenstra, is yn de nacht fan tongersdei op freed ferstoarn. Frou Lenstra wie al langere tiid siik. Se is 87 jier wurden. SC Hearrenfean spilet snein yn de kompetysjewedstriid tsjin PSV mei roubannen om.
Frou Lenstra kaam noch geregeld as taskôger yn it nei har man ferneamde Abe Lenstra Stadion. Yn 1985 ferstoar Abe oan in beroerte.