Kontrôle by Drachten en Dokkum

© ANP XTRA
By in ferkearskontrôle yn Dokkum en Drachten hat de plysje moandeitemiddei fiif bekeurings útskreaun. Yn Drachten waarden op de Loswâl fyftich auto's kontrolearre. Twa bestjoerders krigen in bekeuring, ien foar it net om hawwen fan de gordel en ien koe gjin rydbewiis sjen litte.
By Dokkum waarden op de Lauwersseewei sechstich auto's oanhâlden. Dêr waarden trije bekeurings útdield, ien foar stikkene remljochten en twa foar it riden sûnder rydbewiis.