Man út grêft rêden

29 jan 2013 - 09:43

In 42-jierrige man fan It Hearrenfean is moandeitejûn troch omstanners út de grêft oan it Breedpaad rêden. De man wie der troch ûnbekende oarsaak yn rekke. Omstanners seagen him yn it iiskâlde wetter en se hawwe him derút helle.

De man is swier ûnderkuolle mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
plysje It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)