Lytse winst Jong Hearrenfean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean hat de earste wedstriid nei de winterstop mei 1-0 wûn fan Jong NEC/FC Oss. Yn Nijmegen makke Hakim Ziyech yn de tsiende minút it iennichste doelpunt fan de wedstriid. Fierder wie it spul tsjin de nûmer lêst net geweldich. Dochs ferstevige de ploech fan trainer Jan de Jonge de kopposysje. Grutste konkurrint Jong FC Utrecht ferlear mei 4-2 by Jong Heracles Almelo. Jong Hearrenfean hat 22 punten út 9 wedstriden, Jong Utrecht 20 út 10.