27 april wurdt 'Keningsdei'

28 jan 2013 - 20:58

Keninginnedei hjit fan 2014 ôf Keningsdei en wurdt tenei fierd op 27 april, de jierdei fan takomstich kening Willem-Alexander. Dat hat ryksfoarljochtingstsjinst RVD moandeitejûn bekend makke.

De nasjonale feestdei is no noch op 30 april. Dat is dit jier foar it lêst sa, mar fanwege de ynhuldiging fan Willem-Alexander as kening krijt dy dei in oar karakter. Takommend jier is de earste Keningsdei net op 27 april, mar op 26 april, omdat 27 april 2014 op in snein falt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)