Muorre previntyf ôfbrutsen

28 jan 2013 - 19:30

Oer de hiele lingte fan de Dimpte Keizersgrêft wurdt in stik fan de muorre om de Blokhúspoarte yn Ljouwert previntyf fuorthelle. Moandeitemoarn stoarte in part fan de muorre om de âlde finzenis yn. Dat gie om in stik fan tweintich meter. Omdat mear minne plakken fûn binne, lit de Ryksgebouwetsjinst moandetejûn in grut stik fuorthelje. It giet om sa'n 1,5 oant 2 meter hichte dy't yn de jierren '50 by in besteande muorre opboud is.

As it goed is, is it wurk moandeitejûn klear en kin it ferkear tiisdei wer by de âlde finzenis del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)