Scelling bier fan eigen koarn

28 jan 2013 - 16:57

Eilânbewenners op Skylge sille koarn (garst) ferbouwe foar har eigen bier. Hjirfoar wurdt in eker beskikber steld op it eastlike diel fan it geitepark. Skylge hat al sûnt in jier eigen bier, mar dat wurdt foar in grut part op de fêste wâl makke. It doel is om tenei benammen grûnstoffen fan it eilân te brûken.

Doarpsferiening 'Helpt elkander' sil him dêrom dwaande hâlde mei de tylt fan koarn om sa de produksje fan echt Skylger 'Scelling bier' te befoarderjen.

Trefwurden: 
Skylge bier koarn Scellings garst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)