Ryk ynspekteart Blokhúspoarte

28 jan 2013 - 15:07

De Ryksgebouwetsjinst is moandei de hiele dei dwaande mei de ynspeksje fan de muorren fan de Blokhúspoarte. Moandeitemoarn betiid is in part fan de bûtenmuorre fan âld finzenis de Blokhúspoarte yn Ljouwert ynstoart. Nei alle gedachten as gefolch fan de froast. De Dimpte Keizersgrêft is ôfsletten foar it ferkear en moarns mocht gjinien de finzenis yn.

Yn 'e Blokhúspoarte sitte tal fan lytsere bedriuwen en der wurdt lesjûn troch MBO-skoallen. De muorren binne fan 'e moarn kontrolearre. Dêrnei mochten de minsken it gebou wer yn.

De eigener fan it gebou, de Ryksgebouwetsjinst, sil it gebou moandei yngreven neigean en de ynspekteurs sille yn de rin fan de dei rapport útbringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)