Plysje siket dieder oanriding

De plysje siket in automobilist dy't moandeitemoarn op de sneldyk by It Hearrenfean in oare bestjoerder oanriden hat. Dat wie neidat de twa it net iens wurde koene oer de ôfhanneling fan in oanriding, dy't se koart dêrfoar hiene. De automobilist stapte dêrop yn en ried de oare man oan. De plysje giet er fanút dat er dat mei opsetsin die en nimt de saak dêrom heech op. Neffens de plysje giet it om in besykjen ta deaslach.
De automobilist yn kwestje is neffens de plysje 40 oant 50 jier mei in griis ringburdsje.
De plysje wol ek graach kontakt mei tsjûgen fan de oanriding.