Giovanni Hiwat nei Cambuur

28 jan 2013 - 12:40

SC Cambuur hiert Giovanni Hiwat fan FC Zwolle foar de rest fan it seizoen. De 19-jierrige rjochteroanfaller spilet sûnt 2011 foar FC Zwolle, mar komt dêr net mear foar yn de plannen fan de technyske stêf. Cambuur kin de oanfaller hiere fan FC Zwolle. Cambuur is al in skoft op syk nei in rappe rjochter oanfaller. Ofrûne wike spile Cerilio Cijntje twa proefwedstriden. De spiler fan Telstar waard net oanlutsen. Mei Hiwat liket Cambuur de seleksje foar de twadde kompetysjehelte rûn te hawwen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)