16 boetes nei Racing Expo

28 jan 2013 - 11:57

De plysje hat by kontrôles nei de Racing Expo yn it WTC yn Ljouwert 16 automobilisten op de bon slingere. Sneintemiddei stie de plysje op ferskate útfalsdiken yn Ljouwert om auto's te kontrolearjen. Meast foarkomende oertreding wie dat sân auto's tefolle leven makken. De bestjoerders moasten har kentekenbewiis ynleverje.

Ek rieden fjouwer bestjoerders troch read ljocht. De oare oertredings wiene ûnder oare in glêde bân, ferkearde ferljochting en in kentekenplaat dy't net goed sichtber wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)