Asbestûndersyk Easternijtsjerk

28 jan 2013 - 10:56

In spesjalisearre buro docht moandei ûndersyk nei asbest dat snein frijkaam by in útslaande brân yn in buorkerij by Easternijtsjerk. Ut in earste ûndersyk fan 'e brânwacht waard sneintejûn dúdlik dat it asbest op it terrein fan de pleats leit en net op de iepenbiere dyk telâne kaam is.

Moandei moat dúdlik wurde oft dat ek sa is en ek om hoefolle asbestdieltsjes it krekt giet. De technyske resjerzje docht ûndersyk dwaan nei de oarsaak fan de brân. De buorkerij is folslein ôfbaarnd. De bewenner koe op tiid fuortkomme en rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
Easternijtsjerk brân asbest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)