MCL helpt 10 iisslachtoffers

It MCL yn Ljouwert hat it ôfrûne wykein noch tsien iisslachtoffers binnen krigen. Troch de hurde wyn en letter de snie hiene de reedriders it aardich dreech. Trije minsken kamen mei in stikkene pols op de earste help fan it MCL, twa hiene de earm stikken.
Fierder wiene der minsken mei ferwûnings oan it skouder, de knibbel, it ankel en de foet. Moandeitemoarn wiene benammen de klinkerdykjes ek noch aardich glêd, mar dat hat gjin nije slachtoffers makke.