Skipfeart komt wer op gong
No't it teiwaar is komt ek de skipfeart wer op gong. Mei yngong fan moandei is it farferbod op de Fryske farwegen wer fan 'e baan. Dat hat Rykswettersteat bekend makke.
En fan tiisdei ôf farre ek de feartsjinsten nei Skylge en Flylân wer neffens de normale tsjinstregeling.