Aris ûnderút yn Zwolle
De basketballers fan Aris ha snein mei 87-77 ferlern fan Landstede Zwolle. Yn Zwolle hie de thúsploech in poerbêste start. Aris fjochte him lykwols knap werom yn de wedstriid en socht mei in 46-39 rêststân de klaaikeamers op.
Nei it skoft gong de ploech fan Erik Braal fierder mei de ynhelrace, wêrtroch beide ploegen by 50-50 foar it earst op likense hichte kamen. Yn de slotfaze wie it opnij Zwolle dat de foarsprong pakte (74-67). Nettsjinsteande de ynset wist Aris dizze efterstân net mear yn te heljen.