Fûgelûndersikers net nei Maly

27 jan 2013 - 16:15

De rebellen yn Maly frustrearje Frysk fûgelûndersyk nei it readsturtsje. Dit seldsume fûgeltsje briedt yn de houtwâlen fan de Noardlike Fryske Wâlden. Tsien readsturtsjes fleane no tusken de rebellen en de Frânske militêren om yn Afrika mei stjoerderkes dy't sy earder yn Fryslân meikrigen ha.

Dy gegevens komme wer boppe wetter as sy werom komme nei Fryslân en dêr fongen wurde. Mar der is ek noch ôfslutend fjildûndersyk nedich en dêrfoar is it no net feilich genôch yn Maly en de lannen dêromhinne. De Nederlânske ûndersikers bliuwe no thús.

In tal readsturtsjes krijt de kommende maaitiid wol ekstra lanlik omtinken. Har nêsten wurde mei lytse kamera's folge en dat is dan te sjen op de webside 'Beleef de Lente' fan Vogelbescherming Nederland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)