Feansupporters starte petysje

Supporters fan SC Hearrenfean wolle in ûnôfhinklik ûndersyk útfiere litte nei it belied fan de klup. Se binne in petysje start en hoopje mei mear as tûzen hantekens it bestjoer ûnder druk te setten. Earder al liet âld-foarsitter Riemer van der Velde witte dat er graach sa'n ûndersyk hâlde wol. Direksje en de ried fan kommissarissen wiisden dit fersyk doe ôf.
De inisjatyfnimmers fan de petysje konkludearje dat der op dit stuit in soad ûnrêst is binnen en bûten de klup. Dit kin op 'en doer sawol sponsors as supporters kostje.
Op de webside http://feanfansfront.wordpress.com/about/ binne oant no ta sa'n 250 hantekens binnenkaam.