Twamansbob trettjinde op WK

27 jan 2013 - 14:26

Bobslider Sybren Jansma fan De Pein is tegearre mei stjoerman Edwin van Calker as trettjinde einige yn de twamansbob by it WK yn St. Moritz. Jansma en Van Calker kamen nei twa dagen út op in totaaltiid fan 4.25,74. Nei trije runs stie it duo op it tolfde plak, mar yn de lêste run moast it twatal dochs noch in plak ynleverje.

Dit titel gong nei de 22-jierrige Dútser Francesco Friedrich en Jannis Bäcker. Dêrmei is Friedrich de jongste wrâldkampioen ea yn de twamansbob.

Nije wike komme de Friezen Jansma en Jeroen Piek yn aksje mei de fjouwermansbob op it WK yn St. Moritz.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)