Drachtster makket flink amok

27 jan 2013 - 13:50

Helpferlieners binne sneontenacht yn Drachten mishannele, beflibe, misledige en bedrige. Twa auto’s rieden hurd achter elkoar oer de Noorderdwarsvaart as dienen se in wedstriid. De achterste auto ferlear de macht oer it stjoer en botste op in lantearnepeal. De bestjoerder, in Drachtster (18) rekke ferwûne. De helpferlieners woenen him nei it sikehûs bringe, mar yn de ambulânse waard de dronken man dwers en agressyf. Hy flibe de hiele ambulânse ûnder. Nei't fjouwer plysjes de man yn de stringen hâlden koe er holpen wurde oan de ferwûnings.

De plysje hat bloed by de begjinnende bestjoerder ôfnaam en syn rydbwiis ynnommen.

Trefwurden: 
Drachten plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)