Snorfyts kwyt nei efterfolging

In jonge (16) út Ljouwert moast sneontenacht foar de twadde kear yn koarte tiid syn snorfyts ynleverje by de plysje. Plysjes seagen him sûnder ljocht en sûnder kentekenplaat oer de Pasteurwei yn Ljouwert riden. Doe't er de plysje seach, joech de jonge fol gas. By de achterfolging gie er ûnderút en doe draafde er fuort. De plysje krige him wol te pakken. De jonge hat gjin rydbewiis en syn snorfyts koe mei 57 kilometer yn de oere folle hurder as de tastiene 25 kilometer. De snorfyts is yn beslach naam. Dat wie al earder bard. Hy krijt in boete.