'Ynsette op rykstsjinsten'

27 jan 2013 - 12:11

De provinsjale oanpak foar it behâld fan rykstsjinsten yn Fryslân faalt. Dat stelt de steatefraksje fan Friese Koers. De partij easket dat de provinsje in masterplan makket om de noch besteande rykstsjinsten yn Fryslân te hâlden. No mist Fryslân de boat by de ferdieling fan rykstsjinsten en dat komt neffens Friese Koers trochdat de provinsjale bestjoerders gjin ynfloed hawwe op de polityk yn Den Haach. Dizze wike waard bekend dat 60 meiwurkers fan it iepenbier ministearje yn Ljouwert tenei yn Grins sitte.

De ôfspraak wie dat Ljouwert yn Noard-Nederlân de wichtichste justysje-stêd wêze soe, mar dêr is gjin sprake fan, seit Friese Koers. De partij wiist ek op it skrassen fan it akwadukt yn de Skarster Rien. De fraksje wol fan it kolleezje witte wat it dwaan sil om yn alle gefallen noch de fleanbasis yn Ljouwert te behâlden.

Trefwurden: 
Friese Koers rykstsjinsten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)