Ferwûne by botsing

27 jan 2013 - 12:05

By in frontale oanriding op de Izermieden by Stynsgea binne sneontemiddei twa minsken ferwûne rekke. In man (27) út Twizel kaam yn in flauwe bocht flak foar in rotonde op de ferkearde kant fan de dyk telâne. In autobestjoerder (39) fan Sweagerbosk dy't fan de oare kant kaam, koe him net mear ûntwike en botste boppe op him. De man út Twizel en syn dochter fan fiif jier rekken licht ferwûne. Sy binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)