Auto stellen op It Hearrenfean
Oan de Herenwal op It Hearrenfean is sneontejûn in auto stellen dy't mei draaiende motor foar in wenning stie. De eigener fan de auto wie guod oan it laden en lossen. Doe't er wer nei bûten kaam, seach er noch krekt dat ien yn syn auto de strjitte út ried. De man hat oanjefte dien fan stellerij.