Botsings en file troch glêdens

26 jan 2013 - 16:07

Rûnom yn de provinsje hawwe sneontemiddei oanridings west as gefolch fan de snie en de glêde diken. By Earnewâld, Bitgummole, Westergeast, Stynsgea, It Hearrenfean, Drachten, Haskerhoarne, Allingawier, Stiens en Winaam. Auto's botsten opinoar of rekken fan de dyk. By de ûngelokken by Stiens en Stynsgea binne minsken ferwûne rekke. Op de A7 tusken Surch en Snits stiet in file fan sa'n 10 kilometer. De oare kant op, op de A7, fan it Grinslanner Mearum rjochting Drachten stoet 6 kilometer file. Op de A31 fan Frjentsjer nei Ljouwert is ek file.

De provinsjale diken yn Fryslân binne tsjin fiven wer reedlik goed te beriden, lit Rykswettersteat witte. Fan sneontemoarn tsien oere ôf binne struiweinen ynset. De measten diken binne wer aardich swart, hjir en dêr kin der noch wol wat stosnie opwaaie. Rykswettersteat hat it maksimale oan sâlt struid, mar warskôget wol foar de glêdens sneontejûn troch izel.

Trefwurden: 
file glêdens snie botsingen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)