Fertochten yn drugssaak pakt

De plysje hat freedtenacht yn Ljouwert twa minsken oanhâlden. It giet om de eigener (50) en in meiwurker (30) fan in ytgelegenheid. Se wurde fertocht fan it hawwen fan en hanneljen yn drugs. De plysje hat kokaïne en tûzenen euro’s yn beslach naam. Der wienen klachten oer in mooglike drugshannel yn in gelegenheid oan de Grote Hoogstraat. De beide Ljouwerter fertochten sitte fêst en de plysje docht neier ûndersyk.