Om houtene slide hinne ride

slide langwarder wielen
Op 'e Langwarder Wielen stekt noch altyd de houtene slide fan âlde man boppe it iis út. Ferline wike sakke âld-notaris Mulder fan Langwar op 100 meter fan de wâlskant ôf troch it iis mei de selsmakke rollator-slide. Dielnimmers oan de Ronde fan Langwar koene der sneon moai omhinne ride. Hast in healoere hat de man fan 84 jier yn it iiskâlde wetter lein, foardat er troch de bânwacht út it wek helle wurde koe. Hy wie ûnderkuolle, nei omstannichheden giet it no wer goed mei him. De slide sil mei it teiwaar gau loskomme.