VVV Amelân wol ferfanging ANWB

It VVV-kantoar op It Amelân sil op syk nei in ferfanger fan de ANWB yn de winkel op it eilân. Direkteur Cinto Prosperi is teloarsteld yn it beslút fan de ANWB om yn de takomst net mear gear te wurkjen mei lokale VVV-kantoaren, mar sjocht ek nije kânsen.
De ANWB hâldt op mei de gearwurking mei 28 kantoaren om't der hieltyd mear VVV's ferdwine en de konsuminten har guod mear op ynternet keapje. De kontrakten tusken de ANWB en de VVV-kantoaren rinne oant de ein fan dit jier.