Plysje bedrige en misledige

26 jan 2013 - 12:20

In man (22) fan It Hearrenfean is freedtenacht oanhâlden. Hy hie plysjes bedrige en misledige. De plysje gie nei in hûs ta om't dêr spul west hie. Ien persoan wie dêr net goed wurden. Wylst meiwurkers fan de ambulânse mei dy persoan dwaande wienen, rûn de bewenner opfokt en ûnder ynfloed te tsieren.
In plysje woe de man opkeare doe't er de wenkeamer yn woe en waard doe útskolden. Underweis nei it buro misledige er nochris in plysje. De man dy't net goed wurden wie, knapte wer op en hoegde net nei it sikehûs.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)