Fraksje Frisse Wind net werom

26 jan 2013 - 11:50

De fraksje fan Frisse Wind yn Harns komt definityf net wer by de riedsfergaderingen. Dat ha se it bestjoer witte litten yn in e-mail. Fan ferline jier septimber ôf boykot de fraksje de riedsgearkomsten al om't der in konflikt is tusken de fraksje fan Frisse Wind en de gemeenteried. It bestjoer fan Frisse Wind hat juridysk ûndersocht oft de opfolgers fan de kandidatelist de sitten ek oernimme kinne. Mar salang't de trije fraksjeleden har sitten net opjouwe, is dat net mooglik.

Trefwurden: 
Harns ried Frisse Wind
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)