Toertochten sûnder problemen

26 jan 2013 - 11:26

Alle toertochten dy't sneon yn Fryslân hâlden wurde, binne sûnder problemen begûn. Yn de Jan Durkspolder by Earnewâld is om 9 oere de famyljetoertocht begûn. Dêr is in rûte útset fan fiif kilometer. Op de Fûgelhoeke by Himmelum kin oant 16.00 oere 15, 30 of 60 kilometer riden wurde. Oan de tocht oer de Sleattemermar kinne 5000 minsken meidwaan. Sy kinne 30, 60 of 90 kilometer ride. Op de Brekken by Snits is in rûte fan twa kilometer en ek yn it natuergebiet Ezumakeech by de Lauwersmar wurdt riden, dêr is in tocht fan fiif kilometer.

Op de Sleattemermar wiene al sa'n 5.000 riders om it middeisoere hinne. Yn 1997 wie dêr foar it lêst in tocht op natueriis. Yn Himmelum wienen sa'n 600 riders tusken de middei en by Ezumakeech stienen sa'n 1250 minsken op it iis. De organisaasje fan de toertocht op de Sleattemermar hat om healwei ienen de ynskriuwing sletten. It maksimale tal dielnimmers fan 5.000 is berikt, en dat betsjut dat der net mear riders by kinne. De organisaasje ropt minsken op net mear nei Sleat te kommen, mar in oare toertocht op te sykjen.

Trefwurden: 
natueriis toertochten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)