Sportprojekt H'fean fierder

De gemeente Hearrenfean giet noch trije jier langer troch mei in projekt, dêr't jongeren sûnder wurk yn begelaat wurde nei in baan of in oplieding. Oan it sportprojekt De Beugel diene oant no ta 28 jongeren mei. Acht hawwe no in baan of folgje in oplieding, tsien sitte noch yn it projekt en tsien binne ôfheakke. Yn it projekt folgje de jongeren in yntinsyf programma en krije se tips en help fan jongerewurkers by it sollisitearjen. Fuotballers fan SC Hearenfean skowe ek geregeld oan om de jongeren te stimulearjen yn in goed deiritme.
De gemeente Hearrenfean ynvestearret 36.000 euro yn it trochgean fan it projekt. Njonken SC Hearrenfean dogge ek Sportstêd Hearrenfean en de Ferslavingssoarch Noard-Nederlân mei.