Disel stellen yn Boarnburgum
Yn Boarnburgum is tongersdeitenacht út twa frachtauto's disel stellen. De auto's stiene op in bedriuweterrein oan de Westerbuorren. De dieven ha gatten yn de tanks boarre om de disel derút te heljen.
De skea wurdt rûsd op 2700 euro. De eigener hat oanjefte dien. Der is noch gjin spoar fan de dieders.