Arjan Stroetinga twadde op NK
Jorrit Bergsma fan Aldeboarn is syn titel Nederlânsk kampioen maraton op natoeriis kwyt. Freedtemiddei waard it NK op de Feluwemar by Elburch wûn troch in ploechgenoat fan Bergsma, Christijn Groeneveld.
Arjan Stroetinga fan Waskemar waard twadde en tredde úttredend kampioen Jorrit Bergsma fan Aldeboarn. Dêrmei wie it folsleine poadium yn hannen fan de suksesfolle BAM-formaasje.