Gearwurking Akademy mei Londen

25 jan 2013 - 16:10

De Fryske Akademy hat freed in offisjeel gearwurkingskontrakt tekene mei de prestisjeuze University of London. De Akademy sil mei de saneamde 'School of Oriental and African Studies' taalûndersyk dwaan. It draait dêrby net yn it earste plak om it Frysk. Beide ynstituten wolle ûnder oare útsykje wat de ynfloed is fan oare minderheidstalen dy't yn Fryslân sprutsen wurde, lykas it Marokkaansk en it Turksk.

En hoe kin it dat ymmigranten yn Fryslân earder it Nederlânsk leare as yn de Rânestêd. De Akademy kin dêrby de Ingelske ekspertize brûke.

Yn Londen wurde nammentlik wol 300 talen sprutsen. De University of Londen wol leare hoe't it Frysk yn Fryslân tapast wurdt yn it ûnderwiis. Dêrneist sille de Akademy en de University ûndersyk dwaan nei nije taalminderheden. Direkteur Reinier Salverda fan de Akademy dreamde al langer fan dizze gearwurking, dy't ynearsten oangien is foar in perioade fan fiif jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)