Planetarium ek wrâlderfguod?

25 jan 2013 - 15:16

It Eise Eisinga Planetarium krijt in edukative romte. De rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod jout dêr 15.000 euro foar. De ynstellingen ha hjir freed in oerienkomst oer tekene. Dat wie tagelyk it begjin fan de kampanje om it Planetarium op de Wrâlderfguodlist te krijen. Ryk en Planetarium sille har hjir beide foar ynspanne.

Wrâlderfguod is guod dêr't fan fêststiet dat it unyk, ûnferfangber en fan ynternasjonaal belang is. Der steane no njoggen Nederlânske saken op de list. It giet dan bygelyks om it Woudagemaal, Skoklân en de Waadsee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)