Otters yn Terkaplester Puollen

25 jan 2013 - 10:11

Der sitte ien of mear otters yn de Terkaplester puollen. Dat docht bliken út ûndersyk fan Steatsboskbehear. De puollen lizze tsjin de Snitsermar oan dêr't oan de noardkant ek al spoaren fan in otter fûn binne. Steatsboskbehear krige it bewiis dat der in otter yn de Terkaplester Puollen sit yn hannen mei help fan in nachtkamera.

Dêrmei is net allinnich in otter op byld fêstlein, mar ek in stienmurd. De natoerorganisaasje hie de kamera oan de râne fan de puollen delset omdat der al tocht waard dat der otters sieten.

(advertinsje)