Drachtster fytsedief oppakt

25 jan 2013 - 10:06

In ynwenner (17) fan Drachten is tongersdeitejûn oanhâlden foar it stellen fan in fyts. De eigneresse seach dat har fyts te keap stie op ynternet. De fyts wie earder dizze wike stellen by in bushalte oan de Suderhegewei yn Drachten. De frou makke in ôfspraak mei de ferkeaper en doe't se har fyts werkende, warskôge se de plysje.

Dy hat de jonge oanhâlden en in proses-ferbaal opmakke. De fyts waard yn beslach nommen. De fyts giet no nei de frou werom.

Trefwurden: 
oppakt fyts fytsedief
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)