'Fryslân moat mear prokkelje'

24 jan 2013 - 18:26

Prikeljende moetings foar minsken mei èn minsken sûnder in ferstanlike hendikep. Dat is de definysje fan in prokkel. Ferline jier wiene der yn Nederlân 270 prokkels mei as doel om hendikepten mear yn de maatskippij te yntegrearjen. Yn Fryslân wiene der yn 2012 mar 9 prokkels.

Talant wol it tal Fryske prokkels opkrikke en organisearre dêrom tongersdei in 'startprokkel' foar maatskiplike organisaasjes en ek hendikepten dy't hjir mei oan de slach wolle. De byienkomst luts sa'n 40 minsken en wie neffens Talant goed slagge.

It doel is om de prokkels te konsintrearjen yn in spesjale prokkelwike yn juny. Ek is it doel dat der prokkelstaazjes komme, dêr't hendikepten in dei of langer by meidraaie kinne yn in bedriuw of organisaasje. De hendikepten dy't ferline jier in prokkel meimakken, binne oer it generaal entûsjast oer it prokkeljen.

De kommende maaitiid begjint ek in kampanje om it VN-ferdrach foar tagonklikheid fan de maatskippij foar handikapten ûnder de oandacht te bringen. Nederlân sil dit ferdrach ratifisearje. It jildt dan mei yngong fan 2015. Handikapten kinne oan it ferdrach rjochten ûntliene as it giet om tagong ta saken as iepenbier ferfier, sport, wurk en in soad oare saken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)