Fleanbasis 50.000 kear besocht

24 jan 2013 - 17:17

Waarman Piet Paulusma wie tongersdei de 50.000-ste besiker fan de fleanbasis yn Ljouwert. It giet om gast-fleantugen dy't lande yn Ljouwert. Sawol boargerluchtfeart as militêre fleantugen telle sûnt 1958 mei. Paulusma wie mei in kameraploech by de rûte fan de alvestêden del en moast op Ljouwert in tuskenlâning meitsje.

It is tafal dat de bekende waarman de 50.000-ste besiker is. In delegaasje fan de basis hjitte it selskip yn de lytse Cessna wolkom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)