30 pronkriders op Nannewiid

24 jan 2013 - 14:31

It iepen Frysk kampioenskip pronkride yn Aldehaske luts tongersdei sa'n tritich dielnimmers nei it Nannewiid. Fan harren komme mar trije út Fryslân fan 'De Pronkriders' út It Hearrenfean. De measte oare dielnimmers komme út Noard- en Súd-Hollân, dêr't it pronkriden populêrder is as yn Fryslân.

Mei Ard Schenk as ambassadeur besiket de seksje pronkriden fan 'e KNSB de sport wer wat mear te promoatsjen. It Iepen FK luts tongersdei in pear hûndert leafhawwers en nijsgjirrigen nei Aldehaske.

It pronkriden is ek oanmeld by de Unesco as kultureel erfguod, mar oer dy oanfraach is noch gjin beslút nommen. Frijwat dielnimmers rieden op spesjale pronkredens fan Hoekstra út Wergea. Dy redens wurde sûnt de jierren '60 fan 'e foarige ieu net mear produsearre.

Trefwurden: 
Aldehaske Nannewiid pronkride
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)