Durk Fabriek mist NK

24 jan 2013 - 14:27

Maratonrider Durk Fabriek docht freed net mei oan it Nederlânsk kampioenskip op natoeriis yn Elburg. Fabriek sit op dit stuit yn Eastenryk dêr't hy him tariedt op de Alternative Alvestêdetocht fan nije wike.

De Jobbegeaster hie net tocht dat it KNSB foar freed al in NK útskriuwe soe. Fabriek baalt as in stekker, mar hat him der by dellein dat hy it Nederlânsk kampioenskip oan him foarby gean litte moat. Fabriek wûn ferline jier noch de Henk Angenent Classic, in wedstriid oer 200 kilometer.

Grutte favoryt op it NK yn Elburg is fansels Jorrit Bergsma fan Aldeboarn. Hy helle de lêste titel binnen. Syn ploech, de BAM-ploech, is wer suksesfol dit jier. Bergsma sjocht ek wol goeie kânsen foar in oerwinning foar syn ploech. Sels is Jorrit Bergsma noch net hielendal fit nei syn fal yn desimber, mar hy sil der alles oan dwaan om wer Nederlânsk kampioen te wurden.

Trefwurden: 
NK maraton op natoeriis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)